Hjoed: debat oer Frysk yn grûnwet yn Den Haach

Minister Ter Horst sil opnij sjen nei de mooglikheid om it Frysk yn de grûnwet op te nimmen. Dy opdracht krige se woansdeitejûn fan ‘e keamerkommisje Ynlânske Saken. Yn dy kommisje wiene de opposysjepartijen hiel dúdlik: as it Nederlânsk yn de grûnwet komt, dan it Frysk ek. De trije koalysjepartijen CDA, PvdA en ChristenUnie trunen der by de minister op oan om alle arguminten nochris te besjen en mei in nij foarstel te kommen, mar dat stânpûnt fûn Pechtold fan D66 te ûndúdlik. Hy ferge it CDA op in dúdliker antwurd oer de posysje fan it Frysk. De Fryske aksje yn Den Haach begûn mei in taspraak fan Kommissaris John Jorritsma.

Bernlef oanpakt troch De Jong & Klootman

In film dyt yn Fryslân spilet sûnder dat der Frysk yn praten wurdt? Dat sucks, neffens de Fryske studinteferiening Bernlef. En dus makken se seis jier lyn in hypergeef Fryske persiflaazje (De Kameleon Sjocht Yn It Waar) op de Kameleonfilm fan Steven de Jong. Útjouwerij Kluitman wie lykwols not amused…der waard in proses oanspand en no seis jier letter moatte de studinten ta de bûse. De ludike, mar yllegale parody levere har in boete fan €11.300,- op.

Jild dat Bernlef fan ‘t simmer mei in benefytaksje fan trije dagen byinoar skrape hat. De âlvetûzen euro is betelle oan Klootman en De Jong, dat se der mar wille fan ha meie. En no…wraak? De Jong syn nije film Snuf de Hond in oorlogstijd is krekt út…of hat de rjochter Bernlef de bek snoerd?!

Reportage makke troch Fynst.nl

Links: http://www.fynst.nl
Bernlef: http://www.bernlef.com/
Persiflaazje: http://www.fryskekameleonfilm.nl/
Kluitman: http://www.kluitman.nl
steven de jong mailto:steven@stevendejongfilms.nl

Hjoed: Aksje foar Frysk yn de grûnwet

De minister hat ferline wike sein dat inkeld it Nederlânsk de offisjele taal fan Nederlân is, mar de Fryske Steaten ha in foarstel makke. Dêryn stiet dat yn Fryslân ek it Frysk in offisjele rykstaal is. Fryske Steateleden hoopje dat de minister de grûnwet oanpasse wol.