Kampanje argewaasje

Kampanje argewaasje

Net alles giet like flot yn de kampanje. Wy soene as FNP manmachtich nei de aksje fan it Fytsersbûn. Dy soene in aksje hâlde foar de gefaarlike sitewaasje fan it lânbouferkear op ‘e parallel diken. Mar wat docht bliken? Twa oeren foar de hiele heppening wurdt belle dat it net trochgiet. De reden wie neffens de organisaasje dat Gemeentebelangen en GrienLinks wat oars hiene. Wylst eltsenien fier fantefoaren frege wiene om mei te dwaan. Yn it provinsjehûs wurdt grute dat hja Femke Halsema útnoege hiene en dat dy op it lêste momint ôfsein hie. De fraksjemeiwurker fan GrienLinks is ommers ek de foaroanman fan it organisearjende Fytsersbûn.

Lanlike kopstikken wurde nei Fryslân helle om it gebrek oan sizzenskrêft nei de Fryske befolking ta te maskearen. Balkenende, Halsema en Marijnissen komme gewoan del as wiene it lanlike ferkiezings en draait it allegearre om Den Haag yn stee fan de provinsje.

Hawar, wy as FNP lûke ús eigen plan en binne dêrom mar gewoan op ‘e fyts stapt. Sybren Posthumus en ik bin nei it plak fytst dêr’t it te rêden wêze soe. Tegearre mei in FNP fytskarre en de bern hawwe wy der in moai fytstochtje fan makke. Dêr wiene in stik as wat FNP sympatysanten en mei har hawwe wy mei eigen eagen sjen kinnen dat it lânbouferkear op it fytspaad rydt en fierstente hurd foarby jaget.