Minister Ter Horst sil opnij sjen nei de mooglikheid om it Frysk yn de grûnwet op te nimmen. Dy opdracht krige se woansdeitejûn fan ‘e keamerkommisje Ynlânske Saken. Yn dy kommisje wiene de opposysjepartijen hiel dúdlik: as it Nederlânsk yn de grûnwet komt, dan it Frysk ek. De trije koalysjepartijen CDA, PvdA en ChristenUnie trunen der by de minister op oan om alle arguminten nochris te besjen en mei in nij foarstel te kommen, mar dat stânpûnt fûn Pechtold fan D66 te ûndúdlik. Hy ferge it CDA op in dúdliker antwurd oer de posysje fan it Frysk. De Fryske aksje yn Den Haach begûn mei in taspraak fan Kommissaris John Jorritsma.