As earste konkoers fan Nederlân mei Droegeham har stjerre-konkoers neame. Dy titel heart by in nije opset fan de túchrubriken, dêr’t troch eardere kwalifikaasje allinnich de seis bêsten yn aksje komme. It prizejild is opskroeve nei 300 euro foar de winner. Foar it publiek soe it oantrekliker wurde moatte, mar net alle riders binne wiis mei dizze opset. Lang net eltsenien kin noch meidwaan. Wy seagen sneon yn Droegeham by it earste stjerre-konkoers, dêr’t ek noch fjouwer NK’s ferriden waarden.