Fryske studinteferiening Bernlef út Grins moat útjouwerij Kluitman yn Alkmaar in flinke skeafergoeding betelje foar it útbringen fan de film ‘De Kameleon sjocht yn it waar’. Dat hat de rjochtbank útsprutsen. Bernlef makke de film yn 2002 as ludyk protest tsjin de Nederlânsktalige Kameleonfilm fan Steven de Jong.
Bernlef sil in aksje op tou sette om it nedige jild byinoar te fandeljen. De kosten berinne sa’n 11.300 euro.
Bernlef moat Kluitman betelje omdat de studinteferiening de auteursrjochten fan de útjouwerij skeind hat. Oan de Fryske Kameleonfilm diene ek ferskate bekende Friezen mei lykas Piet Paulusma, Ids Postma en Hans Wiegel.
tankje jimmee wol omrop fryslan. Wat in oar net kin dat kinne jimme wol.
Kreas stikje fan Omrop Fryslân, al siz ik it sels