De ynwenners fan Makkingea binne poer op de plysje om’t se dizze wike twa damherten deasketten ha. Omdat de bisten geregeld de provinsjale dyk oerstutsen, wie it doarp benaud foar ûngelokken en dus waard de plysje frege om aksje te ûndernimmen.
Dy soe de damherten ferdôvje en dan fange. Neffens de plysje slagge dat net om’t it net mooglik wie om ticht by de bisten te kommen. De ynwenners fan Makkingea leauwe der neat fan.
Neffens de plysje binne twa fan de fjouwer damherten deasketten, neffens it doarp dus yn elts gefal trije. De gemeente sil sjen hoe’t it no krekt gien is en besjen wat der mei de oare herten dien wurde sil.
Fjirtjin dagen lyn rûnen der ynienen fjouwer damherten yn de greide en it bosk by Makkingea. Net ien wit wêr’t se weikamen, yn it wyld komme se net foar yn Fryslân. De hertenparken yn de omkriten misten ek gjin bisten.