Keunstneres Yby Potlatch fan Wyns hat in hiel bysûndere aksje. Se jout alle skilderijen dy’t se de lêste jierren makke hat fergees fuort. Se wol sa minsken berikke dy’t oars nea in skilderij keapje soene. Ek wol se sjen litte dat net alles om jild draait.