Joe Saul – as akrobaat, as boer of as skipper – is in man dy’t neat leaver wol as bern krije. Mar hy kín gjin bern krije. Ferbline troch har leafde beslút Mordeen, syn frou, him in bern te jaan. Fan Victor, in fruchtbere man. It bern sil úteinlik dochs fan har eigen Joe wêze, om’t se djip ferfolle fan leafde, op it stuit fan konsepsje, oan him tinke sil. Sy hat lykwols net foarsjoen dat der, troch dizze ferlieding foar ien kear, in alles ferblynjende leafde yn Victor ûntstekt.
Gleone Gloede is it ferhaal fan trije mienskippen: in reizgjend sirkus, in boerefamylje en in skippershúshâlding. Yn alle miljeus spilet it trochjaan fan it eigen bloed de alderwichtigste rol. Joe ropt yn it stik: “In man kin syn bloedbân net trochsnije, de tried fan syn ûnstjerlikens net trochknippe! Der rêst in fertrouwen op my dat ik in pân oan de folgjende generaasje trochjaan sil, dat ik foarsichtich as in fûgelaai yn ‘e hannen fan myn bern dellizze moat.”