Boppeslach: SC Hearrenfean set wer útein

SC Hearrenfean begjint tiisdei oan de tarieding op it nije seizoen. In tal spilers sil dêr net by wêze. Danijel Pranjic, dy´t mei Kroaasje it EK spile, hat langer fakânsje en dat jild ek foar Michael Bradley en Paolo Henrique. De nije Brazyljaan Pedro Beda mei ek wat letter komme, om´t de Brazyljaanske kompetysje langer trochrûn.

De nijelingen Milan Kopic en Goran Popov binne wol foar it earst yn aksje te sjen.

Hjoed: aksje foar oanbliuwen Verbeek

Columnist Spreekluiter fan de Heerenveense Courant iepent tongersdei in aksjeside foar it behâld fan Gertjan Verbeek by SC Hearrenfean.

Verbeek moat bliuwe neffens de columnist. Hy fynt it ûnbegryplik dat dizze rûge diamant fan it Noarden fuort moat by It Hearrenfean, hielendal omdat de trainer dit seizoen boppe ferwachting prestearret yn ‘e earedivysje. De aksjeside is te besjen op www.spreekluiter.nl.