Goed 4.000 maratonrinners hawwe sneintemoarn de oerstek makke nei Skylge om mei te dwaan oan ‘e 12de edysje fan’e Beareloop. De dielnimmers moatte in 42 kilometer lang parcours ôflizze dat begjint en einiget yn West. As je it oer de Beareloop ha dan komt automatysk de namme Saher Yousef oan ‘e oarder. De man fan It Hearrenfean hat de lêste seis jier de maraton fan Skylge op syn namme skrean. Mar kin hy it dit jier net wer wiermeitsje. Yousef hat nammenlik in skoft lest hân fan in hamstringblessuere. Om healwei ienen wurdt it startskot jûn en kin de striid begjinne. En dan sjogge we Benjamin Kok út Jistrum ek yn aksje. Foar de wedstryd wol er neat sizze, mar it gerucht giet dat hy de striid oangean sil mei Saher Yousef. In gerucht dat liket te kloppen, want de twa witte elkoar fuordaliks nei de start te finen….
Tag: Terschelling
Oerol: Gleone Gloede fan Tryater
Joe Saul – as akrobaat, as boer of as skipper – is in man dy’t neat leaver wol as bern krije. Mar hy kín gjin bern krije. Ferbline troch har leafde beslút Mordeen, syn frou, him in bern te jaan. Fan Victor, in fruchtbere man. It bern sil úteinlik dochs fan har eigen Joe wêze, om’t se djip ferfolle fan leafde, op it stuit fan konsepsje, oan him tinke sil. Sy hat lykwols net foarsjoen dat der, troch dizze ferlieding foar ien kear, in alles ferblynjende leafde yn Victor ûntstekt.
Gleone Gloede is it ferhaal fan trije mienskippen: in reizgjend sirkus, in boerefamylje en in skippershúshâlding. Yn alle miljeus spilet it trochjaan fan it eigen bloed de alderwichtigste rol. Joe ropt yn it stik: “In man kin syn bloedbân net trochsnije, de tried fan syn ûnstjerlikens net trochknippe! Der rêst in fertrouwen op my dat ik in pân oan de folgjende generaasje trochjaan sil, dat ik foarsichtich as in fûgelaai yn ‘e hannen fan myn bern dellizze moat.”