Huldiging winners Boer tsjin Boer
Nei in spannende finale waarden Sjoerd van der Boon en Gerke Veenstra tiisdei de winners fan Boer tsjin Boer. Op it AOC fan Bûtenpost binne se tige grutsk op har learling en âld-learling. Mar ek op harsels want op har skoalle learden de winners ek in part fan it buorkjen. Woansdei waarden Sjoerd en Gerke huldige op it AOC.