Hjoed: debat oer Frysk yn grûnwet yn Den Haach

Minister Ter Horst sil opnij sjen nei de mooglikheid om it Frysk yn de grûnwet op te nimmen. Dy opdracht krige se woansdeitejûn fan ‘e keamerkommisje Ynlânske Saken. Yn dy kommisje wiene de opposysjepartijen hiel dúdlik: as it Nederlânsk yn de grûnwet komt, dan it Frysk ek. De trije koalysjepartijen CDA, PvdA en ChristenUnie trunen der by de minister op oan om alle arguminten nochris te besjen en mei in nij foarstel te kommen, mar dat stânpûnt fûn Pechtold fan D66 te ûndúdlik. Hy ferge it CDA op in dúdliker antwurd oer de posysje fan it Frysk. De Fryske aksje yn Den Haach begûn mei in taspraak fan Kommissaris John Jorritsma.

Hjoed: Doarp lilk om deade damherten

De ynwenners fan Makkingea binne poer op de plysje om’t se dizze wike twa damherten deasketten ha. Omdat de bisten geregeld de provinsjale dyk oerstutsen, wie it doarp benaud foar ûngelokken en dus waard de plysje frege om aksje te ûndernimmen.

Dy soe de damherten ferdôvje en dan fange. Neffens de plysje slagge dat net om’t it net mooglik wie om ticht by de bisten te kommen. De ynwenners fan Makkingea leauwe der neat fan.
Neffens de plysje binne twa fan de fjouwer damherten deasketten, neffens it doarp dus yn elts gefal trije. De gemeente sil sjen hoe’t it no krekt gien is en besjen wat der mei de oare herten dien wurde sil.

Fjirtjin dagen lyn rûnen der ynienen fjouwer damherten yn de greide en it bosk by Makkingea. Net ien wit wêr’t se weikamen, yn it wyld komme se net foar yn Fryslân. De hertenparken yn de omkriten misten ek gjin bisten.

Hjoed: Bernlef moat Kluitman betelje

Fryske studinteferiening Bernlef út Grins moat útjouwerij Kluitman yn Alkmaar in flinke skeafergoeding betelje foar it útbringen fan de film ‘De Kameleon sjocht yn it waar’. Dat hat de rjochtbank útsprutsen. Bernlef makke de film yn 2002 as ludyk protest tsjin de Nederlânsktalige Kameleonfilm fan Steven de Jong.

Bernlef sil in aksje op tou sette om it nedige jild byinoar te fandeljen. De kosten berinne sa’n 11.300 euro.
Bernlef moat Kluitman betelje omdat de studinteferiening de auteursrjochten fan de útjouwerij skeind hat. Oan de Fryske Kameleonfilm diene ek ferskate bekende Friezen mei lykas Piet Paulusma, Ids Postma en Hans Wiegel.

Boppeslach: SC Hearrenfean set wer útein

SC Hearrenfean begjint tiisdei oan de tarieding op it nije seizoen. In tal spilers sil dêr net by wêze. Danijel Pranjic, dy´t mei Kroaasje it EK spile, hat langer fakânsje en dat jild ek foar Michael Bradley en Paolo Henrique. De nije Brazyljaan Pedro Beda mei ek wat letter komme, om´t de Brazyljaanske kompetysje langer trochrûn.

De nijelingen Milan Kopic en Goran Popov binne wol foar it earst yn aksje te sjen.

Hjoed: Aksje Boalsert tsjin NUON

De ludike aksje fan bewenners fan de Grote Kampen yn Boalsert tsjin de NUON hie moandei al foar it begjin it doel berikt.

Tiisdei stjoert NUON minsken om de strjitferljochting te meitsjen. Al wiken sitte de bewenners oan de Grote Kampen sûnder strjitferljochting. De foaral wat âldere bewenners skeakelden de media yn en betochten in ludike aksje en setten 700 waksineljochtjes bûten om dochs ljocht te hawwen.

Hjoed: Aksje foar Frysk yn de grûnwet

De minister hat ferline wike sein dat inkeld it Nederlânsk de offisjele taal fan Nederlân is, mar de Fryske Steaten ha in foarstel makke. Dêryn stiet dat yn Fryslân ek it Frysk in offisjele rykstaal is. Fryske Steateleden hoopje dat de minister de grûnwet oanpasse wol.