Minister Ter Horst sil opnij sjen nei de mooglikheid om it Frysk yn de grûnwet op te nimmen. Dy opdracht krige se woansdeitejûn fan ‘e keamerkommisje Ynlânske Saken. Yn dy kommisje wiene de opposysjepartijen hiel dúdlik: as it Nederlânsk yn de grûnwet komt, dan it Frysk ek. De trije koalysjepartijen CDA, PvdA en ChristenUnie trunen der by de minister op oan om alle arguminten nochris te besjen en mei in nij foarstel te kommen, mar dat stânpûnt fûn Pechtold fan D66 te ûndúdlik. Hy ferge it CDA op in dúdliker antwurd oer de posysje fan it Frysk. De Fryske aksje yn Den Haach begûn mei in taspraak fan Kommissaris John Jorritsma.
Tag: fryslan
Hjoed: Doarp lilk om deade damherten
De ynwenners fan Makkingea binne poer op de plysje om’t se dizze wike twa damherten deasketten ha. Omdat de bisten geregeld de provinsjale dyk oerstutsen, wie it doarp benaud foar ûngelokken en dus waard de plysje frege om aksje te ûndernimmen.
Dy soe de damherten ferdôvje en dan fange. Neffens de plysje slagge dat net om’t it net mooglik wie om ticht by de bisten te kommen. De ynwenners fan Makkingea leauwe der neat fan.
Neffens de plysje binne twa fan de fjouwer damherten deasketten, neffens it doarp dus yn elts gefal trije. De gemeente sil sjen hoe’t it no krekt gien is en besjen wat der mei de oare herten dien wurde sil.
Fjirtjin dagen lyn rûnen der ynienen fjouwer damherten yn de greide en it bosk by Makkingea. Net ien wit wêr’t se weikamen, yn it wyld komme se net foar yn Fryslân. De hertenparken yn de omkriten misten ek gjin bisten.
Hjoed: Yby Potlatch jout skilderijen fuort
Keunstneres Yby Potlatch fan Wyns hat in hiel bysûndere aksje. Se jout alle skilderijen dy’t se de lêste jierren makke hat fergees fuort. Se wol sa minsken berikke dy’t oars nea in skilderij keapje soene. Ek wol se sjen litte dat net alles om jild draait.

Hjoed: Bernlef moat Kluitman betelje
Fryske studinteferiening Bernlef út Grins moat útjouwerij Kluitman yn Alkmaar in flinke skeafergoeding betelje foar it útbringen fan de film ‘De Kameleon sjocht yn it waar’. Dat hat de rjochtbank útsprutsen. Bernlef makke de film yn 2002 as ludyk protest tsjin de Nederlânsktalige Kameleonfilm fan Steven de Jong.
Bernlef sil in aksje op tou sette om it nedige jild byinoar te fandeljen. De kosten berinne sa’n 11.300 euro.
Bernlef moat Kluitman betelje omdat de studinteferiening de auteursrjochten fan de útjouwerij skeind hat. Oan de Fryske Kameleonfilm diene ek ferskate bekende Friezen mei lykas Piet Paulusma, Ids Postma en Hans Wiegel.

HEA: Suster Klivia
Jelmar Hoekstra fan Rottefalle wol har de kommende wiken ynsette foar it goede doel. Se docht dat yn neifolging fan de radio 3fm-aksje ‘serious request’. Jelmer hat foarich jier as sjongeres súkses hawn mei de Fryske ‘Ja suster, Nee suster’ en is no te hier foar in optreden as suster Klivia!
Oerol; Gran Reyneta mei ‘Les cauchemars de Toni Travolta’.
Spesjaal foar de freonen fan Oerol is de foarstelling fan Gran Reyneta ‘Les cauchemars de Toni Travolta’. De foarstelling giet oer de libbens fan twa húshâldings dy’t njonken inoar harren ôfspylje, mar dochs hiel bot meiïnoar ferbûn binne. In hylaryske foarstelling mei in protte aksje en spektakel.
Wy seagen mei in krekt nije freon en in âlde freon bij dizze foarstelling en wienen nijsgjirrich nei harren reden om freon te wurden.
Boppeslach: de Beareloop op Skylge
Goed 4.000 maratonrinners hawwe sneintemoarn de oerstek makke nei Skylge om mei te dwaan oan ‘e 12de edysje fan’e Beareloop. De dielnimmers moatte in 42 kilometer lang parcours ôflizze dat begjint en einiget yn West. As je it oer de Beareloop ha dan komt automatysk de namme Saher Yousef oan ‘e oarder. De man fan It Hearrenfean hat de lêste seis jier de maraton fan Skylge op syn namme skrean. Mar kin hy it dit jier net wer wiermeitsje. Yousef hat nammenlik in skoft lest hân fan in hamstringblessuere. Om healwei ienen wurdt it startskot jûn en kin de striid begjinne. En dan sjogge we Benjamin Kok út Jistrum ek yn aksje. Foar de wedstryd wol er neat sizze, mar it gerucht giet dat hy de striid oangean sil mei Saher Yousef. In gerucht dat liket te kloppen, want de twa witte elkoar fuordaliks nei de start te finen….
Boppeslach: SC Hearrenfean set wer útein
SC Hearrenfean begjint tiisdei oan de tarieding op it nije seizoen. In tal spilers sil dêr net by wêze. Danijel Pranjic, dy´t mei Kroaasje it EK spile, hat langer fakânsje en dat jild ek foar Michael Bradley en Paolo Henrique. De nije Brazyljaan Pedro Beda mei ek wat letter komme, om´t de Brazyljaanske kompetysje langer trochrûn.
De nijelingen Milan Kopic en Goran Popov binne wol foar it earst yn aksje te sjen.
Hjoed: Aksje Boalsert tsjin NUON
De ludike aksje fan bewenners fan de Grote Kampen yn Boalsert tsjin de NUON hie moandei al foar it begjin it doel berikt.
Tiisdei stjoert NUON minsken om de strjitferljochting te meitsjen. Al wiken sitte de bewenners oan de Grote Kampen sûnder strjitferljochting. De foaral wat âldere bewenners skeakelden de media yn en betochten in ludike aksje en setten 700 waksineljochtjes bûten om dochs ljocht te hawwen.
Hjoed: Aksje foar Frysk yn de grûnwet
De minister hat ferline wike sein dat inkeld it Nederlânsk de offisjele taal fan Nederlân is, mar de Fryske Steaten ha in foarstel makke. Dêryn stiet dat yn Fryslân ek it Frysk in offisjele rykstaal is. Fryske Steateleden hoopje dat de minister de grûnwet oanpasse wol.
Hjoed: aksje foar oanbliuwen Verbeek
Columnist Spreekluiter fan de Heerenveense Courant iepent tongersdei in aksjeside foar it behâld fan Gertjan Verbeek by SC Hearrenfean.
Verbeek moat bliuwe neffens de columnist. Hy fynt it ûnbegryplik dat dizze rûge diamant fan it Noarden fuort moat by It Hearrenfean, hielendal omdat de trainer dit seizoen boppe ferwachting prestearret yn ‘e earedivysje. De aksjeside is te besjen op www.spreekluiter.nl.
Hjoed: Aksje boeren foar molkpriis
Friesland Foods yn Nijkerk is ferrast troch de aksje fan hûnderten boeren by de yngong fan it bedriuw. De boeren, wêrûnder in 60 Fryske, protestearje tsjin it feit dat de molkpriis it lêste healjier wer bot sakke is.
Alle tagongen nei it bedriuw binne blokkearre. It is dan ek de fraach oft Friesland Foods de ien miljoen liter molke dy’t yn it bedriuw is tiisdei wol kwyt kin. De boeren sille woansdei ek aksje fiere yn Fryslân troch ûnder oaren molke út te riden oer it lân.
Hea!: Huldiging winners Boer tsjin Boer
Huldiging winners Boer tsjin Boer
Nei in spannende finale waarden Sjoerd van der Boon en Gerke Veenstra tiisdei de winners fan Boer tsjin Boer. Op it AOC fan Bûtenpost binne se tige grutsk op har learling en âld-learling. Mar ek op harsels want op har skoalle learden de winners ek in part fan it buorkjen. Woansdei waarden Sjoerd en Gerke huldige op it AOC.
Oerol: Gleone Gloede fan Tryater
Joe Saul – as akrobaat, as boer of as skipper – is in man dy’t neat leaver wol as bern krije. Mar hy kín gjin bern krije. Ferbline troch har leafde beslút Mordeen, syn frou, him in bern te jaan. Fan Victor, in fruchtbere man. It bern sil úteinlik dochs fan har eigen Joe wêze, om’t se djip ferfolle fan leafde, op it stuit fan konsepsje, oan him tinke sil. Sy hat lykwols net foarsjoen dat der, troch dizze ferlieding foar ien kear, in alles ferblynjende leafde yn Victor ûntstekt.
Gleone Gloede is it ferhaal fan trije mienskippen: in reizgjend sirkus, in boerefamylje en in skippershúshâlding. Yn alle miljeus spilet it trochjaan fan it eigen bloed de alderwichtigste rol. Joe ropt yn it stik: “In man kin syn bloedbân net trochsnije, de tried fan syn ûnstjerlikens net trochknippe! Der rêst in fertrouwen op my dat ik in pân oan de folgjende generaasje trochjaan sil, dat ik foarsichtich as in fûgelaai yn ‘e hannen fan myn bern dellizze moat.”
Boer tsjin Boer, in koarte preview
In trekker, in wein, in molkbus, in parkoers en 6 fanatike boeren. Dat binne de yngrediïnten fan de earte foarwedstriid fan Boer tsjin Boer. In koarte preview fan dit nije programma fan Omrop Fryslân.
Farmer against farmer is a competition in agricultural skills. A short impression.
Sipke de Boer – Wat in Frou & Nije Skuon , live yn Noardewyn
Sipke de Boer – Wat in Frou & Nije Skuon , live yn Noardewyn